De leafdes van Janne
Nei de suksesfolle romans De tiid fan Jentsje en De striid fan Marte ferskynt no it langferwachte leste diel fan dizze famyljetrilogy, De leafdes fan Janne.
Janne wennet yn de provotiid yn Amsterdam yn in kommune. De jierren fan de frije leafde en de protestdemonstraasjes. Mar as underwizeres en toanielminske fielt se har dochs better thus yn Fryslan, dêr't se mei Arjen trout. As dit houlik op 'e non rint, is der wer romte foar nije relaasjes.
Yn dit bysunder spannende en sfearfolle boek folgje wy Janne, har dochters en leafdes op 'e foet. Janne liket foar de leafde skepen te wezen. Mar se komt ta it yn-sjoch dat al dy wikseljende relaasjes yn wezen feroarsa-ke wurde troch ien dramatysk barren ut har ferline.
De miskende taaiheid fan it Frysk
Fan 1995 oant 2007 wie Bertus Mulder (1949) deputearre fan de provinsje Fryslan. Hy hat ferantwurdlik west foar ferskate portefüljes, miljeu, rekreaasje en toerisme, mar benammen foar taal, kultuer en ünderwiis. It Fryske taalbelied leit him hiel nei oan it hert. Syn nochal ütsprutsen stanpunten hat er yn ferskate artikels en taspraken ünder wurden brocht, dy't no yn De miskende taaiheid fan it Frysk bondele binne. Foar Bertus Mulder is de emansipaasje fan de Frysktali-gen nau ferbün mei harren maatskiplike emansipaasje. Ien fan de earsten dy't dêr each foar hie, wie Piter Jelles Troelstra. De grutte foaroanman fan de SDAP wiisde al hiel ier op it belang fan it Frysk yn it ünderwiis. Bertus Mulder studearre arbeidssosjology en teoretyske sosjology en joech as dosint oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden les yn de fakken sosjale skiednis en ekonomy. Yn 1991 promovearre er by Lolle Nauta ta doktor yn de filosofy op in proefskrift oer de fakbünsman en sosjolooch Andries Sternheim. Dizze bondel, dy't by it öfskied fan Bertus Mulder as deputearre ferskynt, befettet neist skogings oer it taalbelied nijsgjirrige essays oer wichtige figueren ut de skiednis, lykas Piter Jelles Troelstra, de bline bard Bernlef, Rienk Bockema en de wrald fan de literatuer: Lolle Nauta, Piter Boersma, Abe de Vries, Tsjêbbe Hettinga, Goffe Jensma en Riek Landman.
Tekst ynt Frysk