Feroaring fan lucht is humoristysk en maatskippijkritysk tagelyk. Fan dit boek binne yn 'e rin fan 'e jierren mar leafst 34.000 eksimplaren ferkocht. Ek as iepenloftspul is it ferhaal hieltyd wer in hoppeslach.
Rink van der Velde (1932-2001) wist as gjinien hoe't er de Friezen oan it lêzen krije moast. As skriuwer hat er in tal prachtige romans achterlitten, lykas De fûke, De longe jacht, De hûn sil om jim bylje en noch folle mear. Syn alderlêste boek, It guozzeroer stiet op deselde iensume hichte as De fûke. Ek de koarte ferhalen fan Rink van der Velde en de stikken oer Bokwerd wiene kear op kear in boppeslach.
Kasper de Wagt komt yn dit boek yn de kunde mei aparte minsken dy't faak mei in humoristysk glimke delset wurde. Der is in boer dy't mear fan ezels hâldt as fan syn kij, en in streuper, dy't mear op bat mei murden as mei minsken, ora mar in pear foarbylden te neamen.
Dêrneist sit dit boek grôtfol mei prachtige natuer- en jachtbeskriuwingen dy't Rink van der Velde as gjin oarenien ùt de pinne krige. Ek dat aspekt bepaalt de grutte literêre wearde fan dit boek.
Bokwerd Totaal
Wabbe Wisses Rzn - het pseudoniem dat Rink van der Velde gebruikte voor zijn Bokwerdstukjes-schreef in de jaren zeventig wekelijks het fictieve blad Bokwerder Belang vol. Die afleveringen werden gepubliceerd in de Leeuwarder Courant en zijn legendarisch geworden. Voor zijn markante dorpsschetsen gebruikte Van der Velde een speciaal aan het Fries ontleend Nederlands, het Bokwerds.
In Bokwerd Totaal zijn de eerdere boeken over het bijzondere dorpje Bokwerd gebundeld, met een voorwoord door Pieter de Groot. Voor de één een feest van herkenning, voor de ander een verrassende en hilarische ontmoeting met tijdloze inwoners als Bote Bijster, Doeke Vaartjes, weduwe Fokeltje Snikstra-Weening en drs. Cijsbert Willemoed.
Rink van der Velde (1932-2001) wie ien fan de populêrste skriuwers dy't Fryslan oait kend hat. Syn wurk, benammen syn ynkringende oarlochsnovelle De fûke, waard bekroand mei de Cysbert Japikspriis.
De nacht fan Belse madam
Yn 1832 komt Kees Remmelts werom fan de Tsiendaachse Fjildtocht mei Julia, in moai jong frommeske. Yn Smellie krijt se de namme Belse Madam. In lytse tweintich jier letter stjert se ûnder heimsinnige omstannichheden tidens in ferskriklik needwaar. Teade Wagenaar, in alde maat fan Kees, sjocht yn in fisioen dat syn freon mandélich is oan har dea. Der binne wol mear minsken yn de gritenij dy't de eigensinnige Kees Remmelts ôfstraffe wolle. Mar bewizen binne der noait...
Yn dit sfearfolle en tagelyk wrede ferhaal sketst Rink van der Velde in autentyk byld fan de rûge wrâld san oardel ieu lyn op Smellie en omkriten.
Verhalen over eenvoudige Friezen.
Guon boeken hearre ta de kearn fan de literatuer. De Fûke fan Rink van der Velde (1932-2001) is sa’n boek. It ferhaal oer de ynbannige fiskerman dy’t troch de Dútsers oppakt wurdt en ûnder it ferhoar hieltyd fierder yn de ‘fûke’ bedarret, boeit de lêzers no al hast fjirtich jier. Mei rjocht en reden! It boek lei Rink van der Velde tige nei oan it hert. De roman ferskynde yn it Nederlânsk, Ingelsk en Oekraynsk. Op ‘t heden wurdt oan in Hebrieuske oersetting wurke, dy’t yn Israël ferskine sil. Yn 1999 kaam de film út, mei Rense Westra yn de haadrol en Steven de Jong as regisseur. Jan Willem van de Wetering oer de The trap, de Amerikaanske oersetting: ‘Der is nei alle gedachten gjin boek dat better de Twadde Wrâldkriich opropt as ‘De fûke’. It is noris gjin heldeferhaal, maar it ferhaal fan in man dy’t alles yn syn libben ferlern hat.’ Sjoerd Leiker yn Het Vrije Volk: ‘De wrakseling fan de fiskerman om in kromke frijheid ropt yn ‘e fierte by jin de gedachte op oan "The old man and the sea" fan Ernest Hemingway. Mar dan sûnder in spoar fan de patetyk, dy’t Hemingway by alle soberens sa eigen wie. Van der Velde syn fiskerman is in ynbannige Fries, in held sûnder hoop en gloarje.’
Smoarge grûn
De âlde Klaas Vogelzang hie it al goed foar it ferstan: oan smoarge grûn fertsjinje jo mear as oan skjinne. Mar Cleaning and Recycling is net langer in famyljebedriuwyn ôffal. Der stiet no in doktorandus út Brabân oan de lieding en op de dwinger oan de Poasen wurdt yllegaal stoart. Wat die Klaas dêr oan de Poasen mei syn boarke, sa flak foar syn hommels ferstjerren? Ald-plysjeman Homme Veldstra stelt op eigen manneboet in ûndersyk yn en dûkt djip yn 'e skiednis fan de rike skevels dy't oait yn in earmoedich arkje oan de Kletsterfeart wennen.
Smoarge grûn is skreaun yn 1998 en noch altiten in tige aktueel ferhaal. Smout en mei humor ferteld, mar mei in serieuze ûnder-toan sa't allinne Rink van der Velde dat koe.
Tekst in Frysk
De mooiste verhalen van J.M.A. Biesheuvel, Godfried Bomans, Oek de
De mooiste verhalen over, jeugdherinneringen aan, wandelingen in en legenden en volksverhalen uit Friesland, van onder anderen: J.M.A. Biesheuvel, Godfried Bomans, Rinus Ferdinandusse, Jacques Gans, dr. Tjaard W.R. de Haan, Oek de Jong, Gerrit Krol, R. Leopold, Rink van der Velde, Joop Waasdorp, J. Werumeus Buning, Gerard van Westerloo, Koos van Zomeren