|
Noord Nederlandsche
Boekhandel - www.internetboekhandel.nl
|
|
|
| |
|
|
Kijk
voor meer titels hieronder, of sneup door onze boekenkasten:
|
Meer
pagina's met foto en beschrijving:
|
Lijsten
met alle leverbare titels zijn ook op te vragen:
|
|
Sam
McBratney
De alderleafste lytse bearen
Yllustrearre troch Anita Jeram
Prijs Euro 12.95
Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy't har trije lytse bearen fertelden
dat se de alderleafste lytse bearen yn de hiele wide wrâld wiene.
Mar op in dei begûnen de trije lytse bearen te prakkesearen wa
fan har heit en mem no it leafste fine soene. Se koene dochs net alle trije
de alderleafste wêze... of wol?
Eric
Hill
Stip syn aventoereboek
Prijs is niet bekend
Tsien ferhaaltsjes oer Stip en syn freonen
Yn dit ferhaleboek bout Stip in beamhut, ferklaait er him mei syn freonen
en sil er kampeare yn 'e tinte yn 'e tún.
Sels syn eigen moarnsiten klearmeitsje wurdt in hiel aventoer.
Dizze hjtse ferhaaltsjes binne ideeal om foar te lêzen en lytse
bern sille it prachtich fine om mei Stip de wrâld te ûntdekken.
Niet meer leverbaar!
Mindert
en Babs Wijnstra
Ast gelok hast
Prijs Euro 11.50
'Ast gelok hast, wat hast dan?' freget Joast him ôf. Wat is gelok?
Joast giet op reis om dat ût te finen. Gelokkich giet Amalia Hildegonde
- sis mar sjutsje - wer mei, krekt as yn 'It hûs fol ferhalen'. Doe
reizgen se mei de bus, diskear nimme se de trein.
No belibje se ûnderweis ek wer fan alles, oant se by eintsjebeslùt
bedarje by in filosoof en ùtkomme by Aristoteles. In dreech boek
dus ..?
Nee, want wa't mei Joast en Sjutsje op reis giet, hoecht dêr net
oer yn te sitten.
Boppedat sit it boek wer fol mei geastige yllustraasjes fan Babs Wijnstra.
.
Fan 8 jier
Martin
Waddell en Barbara Firth
Kinst net sliepe, Lytse Bear?
Prijs is niet bekend
Dit printeboek giet oer Lytse Bear, dy't net sliepe kin omdat er sa bang
yn 't tsjuster is.
Op de kleurplaten kinst sjen hoe't er fan alles besiket om te sliepen,
mar it wol net. Sels de grutste lantearne dy't Grutte Bear foar him oanstekt,
helpt net. It komt omdat it bûten it hol sa tsjuster is. Dan wit
Grutte Bear ynienen rie...
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Martin
Waddell en Barbara Firth
Tsjibbe Knyn
Prijs is niet bekend
Tsjibbe Knyn is it boartersguodknyn fan Jimke. Hy is bliid mei Jimke. Mar
op in middei lit Jimke Tsjibbe Knyn allinne op é muorre achter yn
it fjild. de sinne giet ûnder en de moanne komt op: sil Tjibbe Knyn
de hiele nacht allinne bliuwe?
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Ingrid
& Dieter Schubert
Dat hast der no fan!
Prijs is niet bekend
Bear fynt trije aaien yn it bosk en nimt se mei nei hûs.
Mar hy hat der hielendal gjin sjoege fan hoe't er mei de aaien oan
moat.
Gelokkich is Stikelbaarch altyd yn 'e buert.
Dy fertelt him dat er in nêst meitsje moat en dat er op 'e aaien
lizzen gean moat.
As de pykjes útkommen binne, moat Stikelbaarch wer helpe.
Hy seit dat Bear se iten jaan moat en dat er se fleanen leare moat.
Hoe't Bear dat klear kriget, leze jim yn dit alderaardichste printeboek.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Fiif
dogeneaten yn in sok
Fersen foar Diet en alle oare Fryske bern
Prijs is niet bekend
It moaiste jierdeiskado foar Diet Huber binne berneferskes, boartlik en
blier, oer de ûnderwerpen dêr't se sels altiten sa gek op is!
In soad Fryske skriuwers hawwa geweldich har bêst dien om in nije
gedichte te skriuwen oer flieën, luzen, oare rare bistkes, letters
en sifers. Foardrachtsfersen en poesy-albumfersen sitte der fansels ek
by!
Dit is in boekje foar alle Fryske bern fan acht oant tachtich! En spesjaal
foar Diet!
Niet meer leverbaar!
Liesbet
Slegers
Ik en ik
Fryske edysje
Prijs Euro 7.95
Wat sjochst allegear om dy hinne?
Heldere, waarme tekeningen fan dingen dy't pjutten alle dagen tsjinkomme.
Lucy
Cousins
Mûske sil te kampearen
Prijs Euro 9.95
It is in prachtige dei en Mûske en har freonen sille te kampearen,
mar se komme der ai gau achter dat it net tafalt om in tinte op te setten.
En as it slagget om de tinte op te setten ear't it tsjuster wurdt,
is der don wol genôch plak four
Mûske, Sjouke, Frederike, Sibbete en Eppy?
Jet
Boeke
Prijs is niet bekend
Dikkie Batik kin mar net sliepe.
Moarn is it syn jierdei!
Soene syn freontsjes wol komme?
En nimme dy wol kadootsjes mei?
Niet meer leverbaar!
Tomke
Winterboek mei CD
Prijs is niet bekend
Yn dit Tomke-winterboek mei cd binne Tomke, Romke en Kornelia ûnterweis
mei de lampion, komme se Sinteklaas en syn Piten tsjin en fersiere se de
krystboom.
Se binne ek gek op appelflappen en fjoerwurk
Bern fan 2 o/m 5 jier,
Niet meer leverbaar!
nijntje yn 'e dieretún
Prijs Euro 6.00
nijntje en heit giene mei de trein nei de dierentún
doe seagen se in sebra en in oalfefant
dick
bruna
nijntje op 'e fyts
Prijs Euro 6.00
nijntje meitsje in fytstocht
Eric
Hill
Stip op 'e pleats
Prijs is niet bekend
Stip helpt op 'e pleats
Niet meer leverbaar!
Hanneke
de Jong
De lêste brief
Prijs is niet bekend
Us mem is gek.
Nachts komt se yn myn keamer. Se leit it dekbêd rjocht, streaket
my oer ir hier en jout har del op myn stoel. Se docht it net alle nachten,
allinne as der wat is.
Se kin net prate. Wol oer gewoane dingen, oer it iten, it waar en de
boadskippen, mar doe't bygelyks ús heit fuortgie, hat se der mei
gjin wurd oer rept.
Miskien skriuwt us mem derom. As se in ferhaaltsje ôf hat, leit
se it op 'e tafel, it dressoir of de kuolkast del. Dêr bliuwt it
in pear dagen lizzen.
De lêste brief is de earste jeugdroman fan Hanneke de Jong.
De Fryske Jeugdboekesjuery bekroande it boek mei in Sulveren Spjelde. Nei't
se it oersetten hie nei it Nederlânsk, krige se yn 2002 foar De
laatste brief in Earfolle Fermelding fan de Zoenjury.
Niet meer leverbaar!
Sietse
de Vries
Homme en it geheim fan pake
Prijs is niet bekend
Alle dagen giet Homme út skoalle wei nei syn pake foar in praatsje.
Net dat er dat graach wol, mar hy moat. Fan syn mem. Oars is pake de hiele
dei allinne, seit se. As er sels baas wie, soe Homme noait in stap er sette.
Syn pake is net rdich, hy is in âld klier dyt altyd seurt en elt.
Mar dan ûntdekt Homme dat der wat pa e is, wat nuvers. En mei himsels.
der in geheim is yn'e famylje.
Niet meer leverbaar!
Jan
Schotanus
De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Prijs is niet bekend
Beart en syn buorfamke Etsje fine in houten fetsje yn'e dunen. Yn 'e haast
om it thús te bringen, falt Beart en riget er in harsensskodding.
Hy moat rêst hâlde. Mar, yn it fetsje siet in brief út
1492!
Troch syn grutte fantasij, en mei help fan syn tamme rotsje Beppy, dreamt
Beart oer de ûntdekkingsreis dy't Kolumbus dat jier mei trije skippen
makke nei Ynje ta. Jim belibje dy spannende reis mei troch de eagen fan
it shantykoar fan rotten ûnderdeks, en de skipsjonge Bartholomé
boppedeks. In tige meislepend histoarysk boek.
Fan 10 jier,
Niet meer leverbaar!
Auck
Peanstra
Fertelle fan Jelle
Prijs is niet bekend
Eins is Jelle in hiele gewoane jonge;
hy boartet, giet nei swimles, moat nei de toskedokter, krekt as alle
bern dogge.
Mar dochs giet it by Jelle altyd wat oars as oars.
Want wa poept no yn it swimbad, of sjit syn heit mei in pylk fan 'e
bank!
En kôgesto ek op kaugom datst krekt ûnder dyn skoech weiskrabe
hast?
Jelle woll Wolst it net leauwe?
Dan mar gau dit boek lêze.
Fan 7 jier,
Niet meer leverbaar!
Nynke
fan Hichtum
Alde kunde
In mearkeboek
Mei yllustraasjes fan Jeska Verstegen
Prijs Euro 12.50
Nynke fan Hichtum (1860-1939) is de skriuwstersnamme fan Sjoukje Maria
Diederika de Boer, Piter Jelles Troelstra syn earste frou. Yn it Frysk
is se benammen bekend wurden troch har Teltsjes yn skimerjoun, Der
wie ris in âld wyfke en De jonge priiskeatser. Hja is
ek bekend fan Afkes Tiental, dat se yn it Hollânsk skreaun
hat.
Yn 1937 ferskynde har mearkeboek Oude bekenden mei mearkes fan
ûnder oaren Andersen en de bruorren Grimm. It binne allegear mearkes
dy't hjoed de dei noch sa libben binne as in hart. Nynke fan Hichtum hat
se op hiel eigen wize yn it Hollânsk neiferteld.
Dy mearkes binne no yn 't Frysk oerset troch Wim van der Schaaf. Genietsje
dus op 'en nij fan ferneamde mearkes lykas Sniewytsje, De kat
mei learzens, De nije klean fan de keizer en De wolf en de
sân geitsjes.
Gebonden,
Lucy
Cousins
Mûske en har froenen
36 fraaie flapkes
Prijs is niet bekend
Iepenje, sjoch en lear mei Mûske!
Ast mâl mei Mûske bist, sitst dit kteurige f[apkeboek prachtich
fine.
Mûske hat in drokke dei. Suen har freonen binne yn de tùn
oan 'e gong, meitsje ferftekeningen, ferktaaie har en boartsje yn it park.
Doch de flapkes iepen en lear tellen, lear de kleuren, foarmen en ferskitten.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Guido
van Genechten
Omdat ik sa wis mei dy bin
Prijs is niet bekend
Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad: wêr' t de lekkerste fisken
swimme, hoe't in snieflokje smakket, dat de wyn dy aaie kin en bite, wannear't
de sinne en de moanne oan'e himel steane.
Hy wit ek hoe fier as er by syn mem wei gean kin sûnder dat it
gefaarlik wurdt. Mar der binne ek dingen dy't Ysbrand noch net hielendal
snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol ...
Gebonden, groot A4 formaat,
Niet meer leverbaar!
Wolfgang
Metzger
Lade en Ride
Prijs Euro 12.50
Kranen, brânspuitauto's, frachtweinen, auto's en trekkers noegje
dy ùt om mei te riden.
Se steane attegear klear. Dus doarren iepen en ynstappe.
Op 'e pleats of op it bouterrein kinst sels meihelpe, materiaal op-
en Made.
De containers moatte ek [ege wurde. Dat makket in soad kabaal.
Troch de flapkes te iepenjen komt der in protte beweging yn it boek.
Op alle siden gebeurt wat en alle belangrike ferfiermiddels binne der
by.
Gebonden,
Geartsje
Douma
Sjongerfeest
Prijs is niet bekend
Foar bern fan 4 oant omtrint 10 jier
Yn Sjongersfeest steane ferskes fóar krysttiid, Peaske,
Pinkster en gebedjes Mar ek ferskes oer de natuer, oer NU wézen,
fertriet hawwen, bang en Hik wêzen.
By de measte ferskes fóar de lytskes steane ' suggestjes, dy't
oanjouwe' hoe't der mei boarte wurde kin. Want dat wolle bern graach.
Sjongende bem binne blide bern.
Meitsje fan it meiinoar sjongen in sjongersfeest.
Lit bern belibje wat se sjonge.
Boartsje mei muzyk!
Niet meer leverbaar!
Albert
Kornelis Mulder
Wat ha wy in wille hân
Mei yllustraasjes fan Karin Poiesz
Prijs Euro 7.50
Bern hawwe altyd boarte. Sa krije se harsels en de wrâld ûnder
de slach. Mulder lit sjen, hoe't dat yn syn bernetiid, de earste helte
fan de tweintichste ieu, om en ta gie. It wie in tiid mei genôch
boartersromte en romte foar kreativiteit. It wer ûntdekken fan dy
âlde spultsjes kin ympulsen jaan foar boartsjen fan de bern fan distiid.
Kultuerhistoarysk is dit boek ek fan grut belang. Neist âld boartersguod
sar dat yn Nederlân yn musea en op tichels te finen is, kin men hjir
fine fine wat en hoe bern yn Fryslân boarten.
Mulder jout mei dit ego-dokumint de oantinkens oan sen jonge jierren
yn Aldegea wer. Hy beheint him lykwols net ta syn eigen bertedoarp, mar
fertelt ek oer it boartsjen yn de Stellingwerven, dêr't wennet.
In oar belang fan dizze samling leit yn de terapeuryske wurking by âldere
minsken dy't de bân mei hjoed wat kwytreitsje. Troch dy âlde
spultsjes te dwaan, faaks mei bern, kinne sy wat fan harsels weromfine.
Neist spultsjes foar bûtendoar en yn 'e hûs spylje de tiden
fan ir jier mei natuerferskynsels as wyn, snie en iis in rol, wylst materiaal
út de natuer syn eigen bydrage leveret. Riedselspultsjes en ferskes
binne de middels om mei taal te boartsjen.
De yllustraasjes lizze út, mar binne ek fersierend. Karin Poiesz
hat fan it boek in prachtich en ynspirearjend gehiel makke.
Gebonden,
Riske
Lemmens
Doaske fol meunsters
Prijs is niet bekend
Bouwe hat in doaske fol meunsters krigen, mar hy doart it net iepen te
dwaan.
Miskien krûpe se der allegear wol út.
En wat as se har yn 'e hûs ferstopje?
Soe Bouwe it doarre en sjoch deryn?
Soe er it doarre...
Yn dit spannende boek fynst ferrassende flapkes.
Achteryn steane tips om in eigen meunstermasker te meitsjen.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Jan
Schotanus
Nacht op it eilân
Mei yllustraasjes fan Jaap de Vries
Fryske Sutelaksje 30 aug - 12 okt 2003
Prijs is niet bekend
Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêtste
boat nei hûs ta. Stikem giene se noch even fan board om de Sirius
te besjen, dy't yn de haven leit.
Dan fart de boat fuort. Se bliuwe allinne efter op it eilân.
Eins fine se dat wol spannend.
Mar yn in tsjuster bosk in hutte bouwe falt net ta, hielendal net as
it reint. Yn 'e skuorre fan Steatsbos krûpe se dan mar yn it hea.
Dy nacht wurdt de skuorre lykwols ek brûkt troch streupers...
En dan wurdt it echt spannend!
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Eric
Hill
De Pleats
Prijs is niet bekend
Gean mei Stip op aventoer nei de pleats en sjoch ris watst dêr allegearre
tsjinkomst!
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Eric
Hill
Yn 'e tún
Prijs is niet bekend
Gean mei Stip op aventoer yn 'e tún en sjoch ris watst dêr
allegearre tsjinkomst.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Eric
Hill
Op it strân
Prijs is niet bekend
Gean mei Stip op aventoer nei it strân en sjoch ris watst dêr
allegearre tsjinkomst!
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Barbro
Lindgren & Olof Landström
Dy Diktus!
Prijs is niet bekend
Diktus hat in broerke.
Hy woe graach ien.
En no hat er ien.
Hiele dagen sobbet it broerke op syn sober.
Diktus mei net iens eefkes priuwe.
Hy hat al gau syn nocht fan syn lytse broer.
Hy hie leaver de sobber hân.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Tekene
troch Kees de Kort
Printebibel
Ferhalen út it âlde en it nije testamint
Prijs Euro 27.50
Bern meie graach ferhalen út 'e bibel hearre. Benammen as der moaie
kleurige tekeningen by steane.
De tekeningen yn de Printebibel ha way bysûnders: se ha
har eigen ferhaal. Dat is de keunst dy't Kees de Kort ferstiet en mei dat
artistieke fakmanskip yllustrearre er 28 bibelferhalen út de rige
Wat
de bijbel ons vertelt. Syn keunstwurken binne no op in oare wize ferwurke.
Mei de tekst fan alle ferhalen binne se omfoarme ta in nij, sprankeljend
gehiel: de Printebibel.
In bibel om te besjen en om sels te lêzen. Om út foar te
lêzen of te fertellen troch heit of mem, pake of beppe of wa ek.
In boek foar .. foar elkien.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Auck
Peanstra
Frjemde kluchten
Mei yllustraasjes fan Karin Poiesz
Prijs is niet bekend
Wa docht der no sjem yn it hier?
En wa lakt de neilen fan syn hûn?
Jaap en Femke!
Frjemde kluchten, neamt mem dat.
Sabeare bloed, koekjes sline,
tostys bakke, heit en mem foar de gek hâlde,
se fine fan alles út!
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Loes
van der Til
It skoalreiske en Frank en Tsjibbe
Prijs is niet bekend
Tsjibbe en Frank binne echte spitsen. Alle brike setten fan Frank binne
freeslik spannend. Alde wyfkes pleagje, stikem op in trekker ride: Frank
is stoer. Tsjibbe is in bytsje in suertsje. Mar gelokkich is Frank syn
grutte freon. Heit en mem tinke dêr wat oars oer. Dy sjogge mei in
skalk each nei al dy aventoeren. Op it skoalreiske fan de klasse giet in
al hielendal raar om en ta. Komme de beide jonges noch wol feilich thús?
Niet meer leverbaar!
Giny
Bastiaans
Hookstrooks trije hollen mear
Nije mearkes
Prijs is niet bekend
Nije mearkes - ferhalen en ferskes foar 8 oant 118.
‘Dit allegear byinoar,’ stammere ik, ‘bin ik.’
‘En wat bin ik,’ sei de mol strang, ‘of oars, as ik freegje mei,
wa bin ik?’
‘Ik bin in mins. Alteast dat wie ik,’ jammere ik. ‘Ik bin útinoar
fallen en de eamels tochten dat jo my wer yninoar sette koenen.’
‘Yninoar sette?’ frege Mollema: ‘in mins? Dan wer dit en dan wer
dat.’ Ynienen skeat er nei foaren. ‘Wat smyt it op?...’
Wolle jimme witte hoe’t dit ôfrint? Lês dan De Tsjoenum,
ien fan ’e mearkes út dizze bondel. Of bygelyks oer de prins út
it brûnzen aai. In spoek mei gewoane hannen en fuotten. Sniemannen
dy’t om it hûs rinne. Of oer Tjitte dy’t der fan lilkens hookstrooks
trije hollen by krijt.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Auck
Peanstra
By beppe yn 't bedstee
Prijs Euro 11.00
Asto tinkst dat der sa'n tachtich jier lyn gjin oppasbeppen wiene, hast
it mis.
Tryntsje hat wol trije jier by har beppe yn Stiens útfanhûs
west, Har heit en mem hiene in skip wiene altyd ûnderwies. Tryntsje
fûn it prachtich by beppe, se belibbe fan alles yn de buorren. Se
diene fansels oare dingen as bern fan no en se sliepten yn in bedstee,
mar buorfrou pleagje diene se ek noch folle mear.
Doe't se njoggen jier wie moast se fan skoalle ôf om har heit
en mem op it skip te helpen. Lekker fakânsje, silts sizze, yn it
boek kinst lêze dat dat al eefkes oars wie!
Auck
Peanstra
Kattekwea en bargetriennen
Prijs is niet bekend
Hasto wolris in skyldpod troch de loft fleanen sjoen?
Of in earrebarre dy't yn it bleate himd stiet?
Fabeltsjes, seiste?
Dan hast gelyk. Dit hiele boek stiet der fol mei.
Ferhalen, spultsjes, toanielstikjes, lieten en noch folle mear.Allegear
oer bisten.
En oer kattekwea en bargetrienen!
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Akky
van der Veer en Baukje Wytsma
It swurd fan lytse Pier
Prijs is niet bekend
"Kom op, mannen, fjochtsje!"kommandearret master. Hy tikket mei de stok
op 'e flier fan de gymseal.
Jappy en Jelle komme op him ôf. Se binne ferklaaid as soldaten
fan de Saksyske Swarte Heap.
No moat ik net bang wêze en útnaaie, tinkt Pier.No moat
ik in held wêze en fjochtsje. Hy sjocht om him hinne.
Wêr is syn wapen? "Bisto no in held?,laket master. Moatte wy
mei dy de oarloch winne? Och gean wei, ju. Lyts pyst!
Likest wol ien út groep trije!
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Diet
Huber
Blinder, de boekeflie
Prijs is niet bekend
Blinder de Boekeflie wennet mei syn freon Wouter de bibliotekaris op de
souder fan de bibleteek.Se haww sân oare freonen: de fjouwerling
Aukje-Sjoukje-Joukje-Froukje( dy't altyd tagelyk praat en dan itselde seit),
Wybren, Harmen en Olyfke.
Dy neame harsels de Club fan de lêzende Bern.
Mar op in dei komt it bibleteekhûs yn GEVAAR! Dan komme se allegearre
yn aksje tsjin de freeslike plannen fan boargemaster Janneman Planneman
en barre der spannende dingen.Hoe 't ôfrint? Lês dat sels mar.
Gebonden,
Niet meer leverbaar!
Akky
v.d. Veer en Baukje Wytsma
De saak Hilarides
Prijs is niet bekend
As frou Hilarides midden yn é nacht nei buten
te giet om har poes Ansjelyk te sykjen, sjocht se, dat er in pamflet ûnder
de rutewiskers fan it buske treaun is.Fan de tekst op dat pamflet wurdt
se kjel.Leave santjin! No is er ek al in stichting oprjochte, dy't it Frysk
hielendal ferbiede wol, te begjinnen yn Poppenhuzen!Dit kin frou Hilarides
net gewurde litte!!
Mar hja wurdt meinommen en opsluten.
Yn dit spannende tredde (en lêste) frou
Hilarides boek komt stadichoan de keale wierheid foar it ljocht en kin
elkenien meibelibje wat frou Hilarides allegear útfynt om frij te
kommen....
Niet meer leverbaar!
Tiny
Mulder
De bjusterbaarlike reis fan Menear Prikkeskonk
Prijs van Euro 6.76 voor Euro 4.54
Menear Prikkeskonk, in nije skiednis fol aventoer
Hjir stiet, neffens âld gebrûk,
't Aventoer op rym te boek
Tink noait: dit giet my te fier
It stiet printe, dus it is wier
No begjint de skiednis fan
Prikkeskonk, de flinterman.
Gebonden,
Karel
Eykman
Wurd foar Wurd
Bernebibel
Mei tekeningen fan Bert Bouwman
Prijs is niet bekend
Yn dizze Wurd foar Wurd bernebibel stean 144 ferhalen ût it
Alde en it Nije Testamint, troch Karel Eykman yn in libbene en orizjinele
ferteltrant skreaun, mei prachtige, kleurige printen fan Bert Bouman.
De Fryske oersetting is fan Eppie Dam
Niet meer leverbaar!
|
Vóór
19:00 besteld: Morgen in huis!
Zo'n 40,000 titels kunt
u, bij betaling vóór 19:00 (op werkdagen), de
volgende dag al in huis hebben. Geldt bij betaling via iDeal.
Lees de exacte voorwaarden s.v.p.
|
|
|
|
|
|
© Copyright 1997-2008 Noord Nederlandsche
Boekhandel. Disclaimer
|
|